InfoVermaningenDe GeschiedenisHet TeamActiviteitenActueelLinks

Hofstraatlezing

Doopsgezinde Gemeente De Lytse Streek

Is er een ander antwoord dan meer geweld op de chaos in onze wereld?

Fernando Enns, hoogleraar vredestheologie (Vrije Universiteit en Doopsgezind Seminarium), vertelt deze avond over de pelgrimage van gerechtigheid en vrede, die in 2013 is begonnen door vele kerken verspreid over de hele wereld.

Een pelgrimage is een reis van plek naar plek. Tijdens de reis verandert niet alleen het landschap, maar vooral je innerlijk.

De uitleg over deze pelgrimage wordt concreet in het verhaal van Andres Pacheco. Hij vertelt over zijn ervaring met verzoeningsprocessen in Colombia, waar na 50 jaar oorlog de strijd wordt beëindigd.

Wanneer: woensdag 9 november 2016
Waar: Hofstraat 1c, Franeker in het gebouw van de Doopsgezinde Gemeente, door de blauwe deur en dan gewoon doorlopen.
Aanvang: 19.30 uur.
Muziek: Peter Bijker
De toegang is gratis, bij de deur is er een collecte voor de kosten.

De sprekers vertellen in het Engels. Vertalers zijn in het publiek aanwezig.
Alle power-point teksten zijn in het Nederlands.




Doopsgezinde Gemeente “De Lytse Streek” te Baard/Itens, Franeker, Witmarsum/Pingjum



Beleidsplan 2014-2018



De Doopsgezinde Gemeente “De Lytse Streek” staat in de komende jaren voor een belangrijke uitdaging.

We hebben te maken met een teruglopend ledental en een sterke vergrijzing.

Volgens de statuten (artikel 1, lid 3) is het doel van onze gemeente een vitale en toekomstgerichte Doopsgezinde Gemeente te zijn met oog voor elkaar en de wereld om ons heen, bouwend op het fundament dat er al ligt – Jezus Christus.

Uitgaande van deze doelstelling hebben we als gemeente besloten prioriteit te geven aan het behouden van een voorganger.

Daarnaast willen we gemeente zijn op de plek waar onze leden wonen, m.a.w. de kerk naar de leden i.p.v. de leden naar de kerk.

Dit betekent de verkoop van onze kerkgebouwen en het zoeken naar vervangende ruimtes om samen te komen.

Vermaning Itens 150 jaar



Ferslach fiering 150 jier Fermanje yn Itens.
It sil lang lyn wêze dat it yn Itens op in snein-te-moarn sa drok wie as op 19 okt. 2014 doe’t der parkearwachters ynskeakele waarden om de auto’s in plakje ta te skikken.
Ut ferskate „úthoeken“ fan ús lân wei waard reizge nei de Itenser Fermanje.
(
Hjir û.o. de fem.Thijink út Enskedee.
Goed 10 oere – elts hie in plakje socht – kin de foarsitter fan de tsjerkeried br.J.Kooij goed 120 besikers wolkom hjitte en jout dêrnei it wurd oan br.T.v.d.Hem, de dei
foarsitter.

Ien fan de hichtepunten fan dizze dei is – nei’t ek in stik skiednis foar it ljocht brocht is - it oanbieden fan it earste eksimplaar fan it boekje „150 jier Itenser Fermanje“ troch sr.F.Visser-van Enkhuizen oan dû.S.Kiestra.
Inkele sprekkers folgje: dû.Th.Thijink (we hebben hiernaast 23 jaar met veel plezier gewoond), boargemaster J.Liemburg (geweldich dat jimme sa goed op it tsjerkje pasje) en de hear J.Hoek (dy’t oantinkens ophelle oer it bysûndere dûmnyspear Markus).
Men harke mei niget nei harren.
No is de moarn al om.
Goed om efkes by de lytse tentoanstelling yn de kosterswent (in protte âlde foto’s) te sjen, jin fertrêdzjen yn it doarp, mar noch mear de moeting as brs en srs ûnderling nei somtiden jierren: der is wat ôfpraten.

Sa sjogge wy hjir de ges.Durksz: sjoch dêr yn Kromwâl stie de widze fan de minnisten yn de greidhoeke, soene ús foarâlden hjir faak oer it Minnistepaadsje gean wêze om it bliid boadskip yn de Fermanje te hearren ?
De kofje mei oranjekoeke wie fan de moarn bêst genôch, mar om goed 12 oere wie men ta oan sop, in broadsje en in stik súkerbôle yn de Martinitsjerke. Elts siket dêr in plakje.
De 25 dielnimmers dy’t wat dreger te foet geane kinne terjochte yn de garaazje fan de fem.Rispens (omboud ta in noflike romte).
Hawar, dêr hawwe dizze br. en sr. it ek prima nei’t sin.

Undertusken kin Hindrik van der Meer mei it kwartettekoar oefenje foar it kommende optreden.
It tsjerkje is sawat stampfol as hja „As in mosk yn it sân“ nei foaren bringe. De teksten binne fan Fedde Schurer, skreaun oan de ein fan syn libben mar noch tige oansprekkend. Hy lûkt de Bibelske ferhalen nei ússels en nei ús eigen tiid ta.
Mei as lêste lied (tekst Fedde Schurer, muzyk Louise Godin):
In spyltúch bin ik yn Gods hân,
ik sjong fan frede en ljocht,
en de deemoedigen yn’t lân
bring ik in bliid berjocht.
Ik sjong it wurd oer berch en dún,
fan libben en behâld,
en moarn dan romje wy it pún
en bouwe in nije wrâld.

Nei in kopke tee is der de ôfslutende vesper mei meiwurking fan De Lytse Streeksjongers.
Yn dy fiering it oanbieden fan in tige moaie – troch de srs J.v.d.Hem en G.Scholten makke – quilt
Hjirop is in tsjerke te sjen boud op in rots.
„Bouwen op de rots, het stevige fundament“, wat ek it tema wie yn sr.F.Visser har oertinking.
„ Het is belangrijk een goed fundament in je leven te hebben; Jezus draagt dit aan in de bergrede, het is ook best een moeilijke opdracht, maar je wordt er beter van door de gave van stevigheid, kracht en wijsheid „.
Wy songen it Mennolied fan dû.M.C.Postema, âld dûmny fan Itens en Baard, en it earste kûplet is sa:
Menno, je sprak heel verstandige taal,
Een taal die wij heel graag horen.
Ook begrijpen wij de goede moraal,
Wees in plaats van onkruid koren.
Refrein: wij houden van jou om je innige trouw aan de grondslag waarop jij bouwde, die de Heer heeft gelegd en waarop je terecht heel je leven volkomen vertrouwde.
En oan de ein fan de fiering:
Hear, wês mei ús oant in oare kear,
As wy wurch en warleas binne,
Lit ús dan troch Jo oerwinne.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

Foar dat der ôfsluten wurdt noch in foto:
Hawar, jo/jimme sjogge fêst wol wa’t dit binne.
Dan nei ôfrin: de boekjes - dêr’t nei útsjoen is – wurde útdield, op nei hûs en dêrnei is der ek noch praat genôch oer dizze bysûndere moaie en slagge dei.
Underwilens binne alle drukte 150 boekjes op en útferkocht; noch is der fraach nei, wy sille bybestelle moatte.
De reaksje op de ynhâld fan it boekje fan frou K.Hoogslag út Dordrecht is treffend en is it fermelden wurdich: „Het is natuurlijk ook een mooi tijdsbeeld, algemene eenvoud maar groot optimisme ……. Enfin, ik ga fleurig verder met lezen en ga sommige delen scannen en aan mijn kinderen sturen. Die hun grootouders zo kort / niet gekend hebben. Die geen idee hebben van die tijd „.
Ut namme fan de jubileumkommisje: Jan Heeres.
150 jier Minniste Fermanje Itens.
Dat is de titel van het boekje dat op 19 okt,.j.l. het levenslicht zag.
Het is/wordt met veel plezier gelezen.
Van enkele lezers hoorden wij: er zit ook een stuk nostalgie in.
Inderdaad, het boekje geeft ook een boeiend beeld van een tijd die achter ons ligt.
Velen hebben medewerking verleend aan de totstandkoming van het boekje.
Onze hartelijke dank hiervoor.

Die dank gaat ook uit naar de "stipers", die het mede mogelijk hebben gemaakt het boekje uit te geven:
de Amsterdamse Vrienden te Amsterdam;
Donatus Verzekeringen te Rosmalen;
het Fonds van de Doopsgezinde gemeente in Zuid Limburg;
de Friese Doopsgezinde Sociëteit te Leeuwarden;
de gemeente Littenseradiel;
Drukkerij Van der Eems te Easterein;
de P.W.Janssen's Friesche Stichting te Heerenveen;
de Stichting Haarlemmer Vrienden te Haarlem.

Namens de jubileum-commissie: J.H.

Zoeken naar

Algemeen